Slachtoffer ferstoarn by stekpartij Berltsum

By pensjon Welgelegen oan de Wiersterdyk yn Berltsum is sneontejûn in persoan om it libben kaam. It gie om in stekynsidint yn it gebou, dêr't apparteminten en keamers ferhierd wurde. It slachtoffer is hjirby ferstoarn. In twadde persoan rekke ferwûne, dy is troch de ambulânse nei it sikehûs brocht. De traumahelikopter waard oproppen om help te ferlienen, mar is úteinlik net lâne.
De plysje hat nei it ynsidint in fertochte oanhâlden. De plysje docht ûndersyk nei de saak.