Cambuur stevich ûnderút tsjin PEC Zwolle

© Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat sneontejûn de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle mei romme sifers ferlern. Yn Zwolle gie de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen mei 4-0 ûnderút. Al nei acht minuten hie PEC foar it earst skoard en by it skoft stie de thúsploech op in 3-0 foarsprong. Nei rêst skoarde Zwolle yn de 63e minút noch in kear, wêrtroch de einstân úteinlik op 4-0 kaam.
Opstelling Cambuur: Bos, El Baad, Steenvoorden, Schilder, Peersman, Rosheuvel, Kip, Boerlage, Lilipaly, Barto en Houtkoop.