Dochs noch besmette aaien yn de winkels

© ANP
Der binne dochs noch aaien ferkocht dy't besmet binne mei it anti-luzemiddel. Dat meldt de NOS sneontejûn. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit seit dat by noch fjirtjin plomfeebedriuwen in te hege konsintraasje fan de stof fipronil fûn is. De bedriuwen binne blokkeare en de aaien wurde út de winkels helle. Oft it ek om bedriuwen yn Fryslân giet, is net bekend.
De NVWA melde tongersdei dat alle aaien dy't besmet wienen, út 'e rekken helle wienen. Dêrnei hawwe har dochs noch goed tweintich bedriuwen melden, dy't mooglik dochs mei de besmetting yn oanrekking kaam binne.