Konflikt mei SKS: diskwalifikaasje Jouster skûtsje driget

© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Der driget diskwalifikaasje fan it Jouster skûtsje troch de SKS. It skûtsje foldocht net oan de nije orizjinaliteitsregels fan it SKS. Skipper Dirk Jan Reijenga fan it Jouster skûtsje seit dat hy wol moat, om't oars de feilichheid fan syn bemanning yn gefaar is. It konflikt draait om de tapassing fan it mêstbeslach.
It Jouster skûtsje hat de saneamde seilsfal, it tou dêr't it grutseil mei oplutsen of strutsen wurdt, heger yn de top fan de mêst befêstige, om foar te kommen dat it grutseil ûnder it silen loskomme kin. Oerlis tusken beide partijen hat oant no ta neat opsmiten, in alternatyf dat troch it Jouster skûtsje oandroegen waard, is ek ôfkard.