Plysje: "Earste nacht Snitswike gesellich drok"
De earste nacht fan de Snitswike is neffens de plysje goed ferrûn. De plysje hat it oer in gesellige drokte mei in pear insidinten. Der binne fjouwer minsken oanhâlden foar mishanneling en drugsbesit. De gemeente Súdwest-Fryslân warskôget wol foar bûskehifkers dy't yn de drokte aktyf binne.