Dieet moat Fryske hinnen rêde fan romming om luzemiddel

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Pikeboer Jan Willem van Koot en syn frou Anna Bron fan Drachtsterkompenije sette harren bedriuw troch. Se sille besykje de hinnen en de stallen frij te krijen fan Fipronil troch de hinnen op in dieet te setten en de stallen skjin te meitsjen.
In folslein garansje dat dit slagget is der net. Mar de alternativen om alle 32.000 hinnen te romjen of mei it bedriuw op te hâlden binne noch minder oantreklik. De famyle Van Koot mei gjin aaien leverje om it gehalte Fipronil yn de aaien heger is as it tastiene maksimum fan 0.005%.
It bedriuw waard op 24 juny behannele tsjin bloedlús troch it bestridingsbedriuw Chickfriend. Yn it bestridingsmiddel dat dêrby brûkt waard siet de ferbeane stof Fipronil.