Drankrider naait út nei ûngelok by Koatstertille

© De Vries Media
By Koatstertille bedarre in 21-jierrige drankrider út Noardburgum freedtejûn mei syn auto op de kop yn de sleat neist de Rykswei. De helptsjinsten rukten manmachtich út, mar de man wie al útnaait. Hy waard yn de omjouwing oanhâlden en syn rydbewiis is ynnaam.
By it ôfhanneljen fan dit ûngelok negearre in 20-jierrige drankrider út De Westereen de oanwizings fan de plysje. Hy woe trochride, mar waard oan de kant set. Syn rydbewiis is yn beslach naam.
In 33-jierrige drankrider út De Westereen rekke ferwûne doe't hy mei syn auto yn de sleat neist de ryksstrjitwei by Ryptsjerk bedarre. De man is foar behanneling nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef fan him ôfnaam.