Keunstner Koopmans wurket 'live' yn museum Belvédère

04 aug 2017 - 20:43

Keunstner Gosse Koopmans hat dizze simmer in bysûndere skilderlokaasje fûn. Alle freedtemiddeis wurket er nammentlik yn museum Belvédère oan syn nije wurk. De besikers oan it museum kinne dus net allinnich einresultaten sjen, mar se kinne no ek fernimme hoe't in skilderij makke wurdt.

Koopmans wurket yn it museum oan syn tentoanstelling On the Spot. In grut skilderij besteande út meardere lytse dielen, dy't it Belvédère sels foarstelle moatte. De keunstner is noch oant 25 augustus alle freedtemiddeis live te sjen yn museum Belvédère.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)