Lemsters krije gjin parkearûntheffing foar twadde auto

Parkearskiif © ANP
Bewenners fan acht wenten oan de Prinsessekade op 'e Lemmer krije gjin ûntheffing foar it parkearen fan in twadde auto. De bewenners koene harren auto's altyd kwyt op in strook achter de huzen. Mar de gemeente De Fryske Marren hat dizze parkearplakken nei de werynrjochting fan it sintrum iepenbier makke. De njoggen parkearplakken falle tenei ûnder de blauwe sône, auto's meie dêr maksimaal twa oeren stean.
De bewenners hiene beswier oantekene en wiene mei alternativen kaam, mar de gemeente bliuwt der by dat eltse wenning ien ûntheffing krijt. Der is neffens de gemeente op rinôfstân genôch gelegenheid om de auto langer te parkearen. De Fryske Marren is boppedat bang dat as se ôfwike fan it belied, oare bewenners ek beswier oantekenje sille.