Pikeboer Anna Bron: "Ik bin echt woest op de NVWA"

De aaien by pikeboer Jan Willem van Koot en Anna Bron yn Drachtsterkompenije steapelje har hieltyd fierder op. It bedriuw is ien fan de aaibedriuwen dat stillein is fanwege it luzebestridingsmiddel fipronil. De piken op it bedriuw waarden op 24 juny behannele mei it middel. Der binne no twa opsjes foar Van Koot: de piken romje of op dieet sette om der foar te soargjen dat de stof út de hinnen giet. Mar yn beide gefallen is it in finansjele strop foar it bedriuw.
Anna hopet dan ek dat oerheid helpe sil. "Wy hoopje dat der toch in needfûns komt fanút de oerheid, dat de troffen boeren helpt. Hjir kin net ien wat oan dwaan. Dit hat in kriminele aksje west fan de iene of de oare dy't it spul der yllegaal by ynmingd hat. Dat kinne jo noait foar wêze."
Tongersdei fertelde Hennie de Haan fan it fakbûn fan plomfeehâlders yn it tv-programma Jinek dat de NVWA al op 19 juny wist dat dit middel skealik wie. Anna is dêr poerrazend oer. "Ik bin dêr echt woest om", seit se lilk. "Wy ha ús stâl op 24 juny mei dit spul behannele. As de NVWA op 19 juny yngrepen hie, dan wie dit by ús net gebeurd. Ik snap hielendal neat fan de wurkwize fan de NVWA. Dit is ferskriklik."
Al dy tiid tocht Van Koot dat se just keazen hiene foar goed luzebehannelingsspul. "It wie in middel op natuerlike basis mei eteryske oaljes", fertelt Anna. "Wy tochten dat dit hiel goed guod wêze soe. Mar net dus."