Nij asfalt op ûngeloksdyk Waskemar

© Omrop Fryslân, Andries Bakker
De provinsje sil oan de ein fan dizze moanne op guon plakken fan de Compagnonswei by Waskemar nij asfalt oanlizze. It is regulier ûnderhâld, seit in wurdfierder fan de provinsje en hat dus gjin direkte link mei it ûngelok fan hast twa wiken lyn. Doe rekke in auto mei seis ynsittenden yn it wetter njonken de dyk. In 9-jierrige jonge en in 19-jierrige frou moasten reanimearre wurde en harren situaasje wie 'soarchlik'. It ûngelok barde yn de bocht yn de Compagnonsweg, dy't foaral by wiet waar gefaarlik is, sizze omwenners.
Ut mjittingen ein ferline jier docht bliken dat op guon plakken de stroefens van de dyk 'tsjin de noarm' sit, aldus de wurdfierder. Dêrom wurdt dêr nij asfalt dellein. De dyk wurdt by de provinsje noch bestimpele as "net gefaarlik". Dat komt omdat lang net alle ûngelokken registrearre wurde. Sa hat de provinsje fan 2011 oant 2017 mar fiif ûngelokken registrearre (ynklusyf dy fan twa wike lyn).