55 kilometer te hurd oer de Heak
In 22-jierrige man út de omkriten fan Ljouwert moast yn de nacht fan tongersdei op freed syn rydbewiis ynleverje nei't er 55 kilometer te hurd oer de Heak om Ljouwert ried. Der is boppedat proses-ferbaal tsjin him opmakke.