Duo pakt nei ynbraak yn tankstasjon Beetstersweach

In bewakingskamera © Plysje
De plysje hat freedtemoarn betiid in 18-jierrige man út de gemeente Tytsjerksteradiel en in 19-jierrige man út Drachten oanholden foar in ynbraak yn in tankstasjon oan de Haadstrjitte yn Beetstersweach. De plysje krige tsjin healwei fiven in melding dat it ynbraakalarm ôfgien wie by it tankstasjon. Doe't de plysje dêr oankaam, seagen se dat der ynbrutsen wie en dat der sigaretten stellen wiene.
De 18-jierrige fertochte hie him ferstoppe. Hy hie meardere pakjes sigaretten by him. De oare fertochte naaide út yn de rjochting fan De Gordyk. Nei in sykaksje mei ûnder oare de help fan in plysjehûn, waard de Drachtster ynbrekker efkes letter oantroffen. Beide manlju sitte fêst op it buro.