Bunkers op Skylge wurde pleage troch fernielings

De bunkers fan de Tigerstelling op Skylge wurde pleage troch fernielings. Ofrûne wike binne der op 'e nij ynformaasjebuordsjes fernield. Ek hawwe fandalisten besocht yn te brekken yn ien fan de bunkers oan it Tigerpaad. It bestjoer fan it bunkermuseum hat oanjefte dien.
Regelmjittich fiere jongeren jûns in feestje by de bunkers. Dêrby wurde dan bierfleskes stikken smite. De frijwilligers fan it bunkermuseum moatte de rommel de oare deis opromje.
Posityf is neffens bestjoerslid Sietse Hamstra fan it bunkermuseum wol dat de bunkers ek troch gewoane toeristen goed besocht wurde. Yn de twa jier dat de bunkers iepen binne, hawwe mear as 12.000 minsken de bunkers ûnder begelieding besocht.