Bakkers lilk om hege pintariven

Bakkers komme yn aksje tsjin de hege tariven foar ôfrekkenjen mei de pinpas. Klanten betelje by de bakker faak lytse bedraggen. Dan binne de pinkosten dy't bakkers betelje moatte yn ferhâlding fierste heech. Sa kostet in koeke fan 1 euro in bakker bygelyks 5,5 eurosint. Supermerken betelje yn ferhâlding folle legere pinkosten.
Brânsjferiening NBOV fan de bakkers hat de beswieren tsjin de hege pinkosten foarlein oan de Autoriteit Consument & Markt, de ACM. Dy wol earst mei oare partijen om tafel om in goed byld fan it probleem te krijen.