Fideo: Is de Snitswike der klear foar?

Mear as twa iuwen lyn waard foar it earst de Hurdsyldei by Snits organisearre. It foel der goed yn en sûnt dy tiid wie it jierlikse tradysje. It foldie sels sa goed dat se der yn 1934 in hiele feestwike omhinne betochten. De Snitswike is útgroeid ta in nasjonaal fenomeen. Freedtejûn begjint it en ferslachjouwer Andor Faber sjocht no alfêst oft se der yn Snits al klear foar binne.