Kûveuze-ôfdieling MCL rint stadichoan leech

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert begjint de kûveuze-ôfdieling sa stadichoan leech te rinnen. Dat seit wurdfierder Frits Mostert fan it sikehûs. Tongersdei waard bekend dat de MRSA-baktearje oantroffen is by in poppe op de ôfdieling neonatology. Nei ûndersyk die bliken dat der nóch fiif berntsjes drager binne fan de baktearje. Fierder hat ûndersyk oantoand dat ek twa meiwurkers fan it sikehûs drager fan de MRSA-baktearje binne. Sy meie foarearst net oan it wurk, mar wurde dêr thús foar behannele.

De hiele ôfdieling moat ûntsmet wurde en dêrom wurde de bern nei in oar sikenhûs brocht, of kinne - yn de measte gefallen - nei hûs. Ek is der in tydlike opnamestop foar de berneôfdieling. Dat moat der foar soargje dat binnen in pear dagen de ôfdieling ûnsmet wurde kin. Dat bart nei alle gedachten nije wike. It is noch net dúdlik wêr't de baktearje krekt wei komt. De bern dy't de MRSA by harren drage binne der neffens it sikehûs net siik fan.