Fersoargingshûs De Waadwente ûntromme

02 aug 2017 - 14:59

In part fan it fersoargingshûs De Waadwente yn Dokkum is woansdeitemiddei ûntromme, omdat der brân ûntstien wie yn in jiskeamer yn de smookromte. De brân sloech letter oer nei in oar diel fan de smookromte. Dêrby ûntstie in protte reek.

De brânwacht waard yn earste ynstânsje alarmearre troch in reekmelder. Doe't bliken die dat der echt brân wie, waard fierder opskaald. Ut foarsoarch waard der in ambulanse oproppen, mar der is nimmen ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)