Njoggen beammen omseage foar Blokhûsplan yn Starum

Njoggen esdoarns oan de Starumer Havenwei binne woansdeitemoarn omseage yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Buertbewenners kearden har earder tsjin it fuortheljen fan de beammen, mar de gemeente fynt dat yn it paad stean foar de muorre om it Blokhûsplan en hat de operaasje dêrom trochset. It wurk begûn woansdeitemoarn om sân oere en al om 10 oere wie it dien. Om problemen foar te kommen hierde de gemeente in befeiligingsbedriuw yn, In pear wike lyn kundigen buertbewenners noch oan dat se har oan de beammen fêstketenje soene, mar dy aksje gie net troch.

Troch de fakânsje wiene der net in soad belangstellenden. Wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân seach ek even by it fuortheljen fan de beammen. Hy sei de buert ta dat er noch oerlis komt oer hokker beammen yn plak fan de esdoarns plante wurde sille. De gemeente stribbet der nei om it Blokhûsprojekt noch dit jier op te leverjen. De nijbou hat de Starumers al ynspirearre ta de bijnamme 'it izeren gerdyn'.

Neffens Offinga is der ek ûnder Starumers in soad stipe foar it projekt, mar der binne ek guon dy't it spitich fine dat de iepen romte fan it eardere QVC-terrein ferdwynt. Starumers fan alle leeftiden, mar ek opfarrenden fan de brune seilfloat, wiene wend om it fjild foar allerhanne aktiviteiten te brûken. Dat wurdt yn takomst mooglik in stik lestiger. "It is krekt of hawwe lju yn gemeentehuzen it dreech mei in iepen fjild sûnder offisjele bestimming", seit buertbewenner Werner Jung. "Mar it fjild sa't it wie, wie krekt moai. No komt der in meunsterlik gebou. It is foar my in hiele tryste dei." Jung spruts fierder de winsk út dat de sweltsjes út de omseage beammen 'de ferantwurdlike lju op de kop skite sille'. Jung komt út Bonn en bringt de lêste sân jier alle fakânsjes troch yn Starum. De jongste feroaringen meitsje it stedsje der yn syn eagen net moaier op.