Liveblog: folgje de 164ste PC yn Frjentsjer

It fjild fan de PC, it Sjûkelân yn Frjentsjer © ANP
It is de dei fan de PC, dé keatspartij fan it jier. Wa wurde de opfolgers fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar? Omrop Fryslân docht de hiele dei troch ferslach fan de PC mei in liveblog en útslaggen fan alle partijen op ynternet en de Omrop-app, flitsen op radio en tv. Fan 'e middei fan 15:00 oere ôf binne we folslein live op tv. Alle útslaggen binne ek te finen op teletekst (side 570).
Yn dit liveblog alle útslaggen en in oersjoch fan wat der bart op de sosjale media. Ferfarskje de side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken. Sjoch foar in folslein oersjoch fan de partijen en útslaggen ek op omropfryslan.nl/keatsen.