Beswier fan Noardburgumer tsjin bou nije wenning

It gebou fan 'e Ried fan Steat yn Den Haag © ANP
In bewenner fan it Tsjerkepaed yn Noardburgum is tsjin de bou fan in nije wenning rjocht tsjinoer syn hûs. De man is nei de Ried fan Steat stapt. Dy hat it beswier tiisdei behannele.
Neffens de beswiermakker rekket hy troch de nijbou syn frije útsjoch oer it lân tsjinoer him kwyt. Hy wol dêrom dat it bestimmingsplan skorst wurdt. De gemeente Tytsjerksteradiel wie earst tsjin it nijbouplan, mar de ried wie letter, nei in pear oanpassingen fan it plan, dochs foar. De eigeners fan it perseel wolle sa gau as mooglik begjinne mei de bou, mar moatte in pear wiken wachtsje op de útspraak fan de Ried fan Steat.