N31 wer iepen en treinferkear Ljouwert-Grou wer op gong

© ANP
De N31 is wer iepen en ek it treinferkear tusken Louwert en Grou komt stadichoan wer op gong. De dyk en it spoar waarden moandeitemoarn betiid ôfsletten fanwege in deadlik ûngelok op de Werpsterhoeke. By it ûngelok fleach in auto by Wurdum fan it fiadukt ôf en kaam op it spoar telâne. De auto fleach dêrnei yn 'e brân. De bestjoerder kaam by it ûngelok om it libben.
De N31 wie út de rjochting fan Harns in tiidlang ôfsletten foar spoare-ûndersyk.