Kollum: "As in tiet"

"Ik sil no tongersdei nei de sauna. Ik sis mar net wêr, want hiel earlik: ik bin wat in weak aai as it om neaken giet. Ik wie pas in jier as twintich, doe’t ik foar it earst yn ‘e sauna kaam. En ik wit noch krekt it momint dat de badjas út moast. Dea eng fûn ik it. Wylst it fansels nergens op sloech, want elkenien wie spierende neaken dêr.
Skamte oer dyn lichem. It is wat nuvers. Elkenien hat wol wat bryks of aparts op of oan syn lichem, mar toch tinke we allegearre dat we de iennige binne. Gean foar de grap ris nei de sauna en ûntdekst dast eins hiel gewoan bist. Wat dat betreft is de sauna de alderbêste ûnsekerheidsterapy. Mar foar de diehard weake aaien sit der mar ien remeedzje op. In fakânsje op in nudistekemping.
Yn De Libelle lêsde ik twa wike lyn in hiel stik oer nudistekempings. Yn Nederlân ha wy mar in hantsjefol fan dy bleatkempings. Yn it bûtelân kinst te kust en te keur útsykje. En stikem hè, liket my dat hearlik. Dast moarns dyn tintsje útbrânst troch de sinne en dast dan net dy klamme, stjonkende bikini wer oan hoechst te lûken. Sterker noch, hoechst hielendal neat oan te dwaan. Smarst gewoan yn dyn bleate kont dyn stikje bôle mei pindakaas. Krekt as de buorlju.
Mar wat my opfoel yn dat stik yn De Libelle is dat dy buorlju benammen âldere minsken binne dy’t op nudistekempings stean. Pensionado’s dy’t yn de simmer lekker streepleas brûn bakke wolle. Der wie mar ien jong stel dat oan it wurd kaam yn it artikel en dy woene beide net mei harren echte namme yn De Libelle. Benaud dat se der troch freonen of famylje raar op oansjoen wurde soene dat se net nei Center Parcs gongen mar nei in nudistekemping. Dy 65-plussers koe it neat skele. Yn de bleate kont stiene se parmantich op de foto.
En dat sjoch ik yn de sauna krekt sa. Myn generaasje rint wat preuts yn de badjas of docht in handdoekje om ‘e kont. Mar al dy babyboomers sil it letterlik oan harren reet roeste wat in oar fan se fynt. Sterker noch: der binne froulju dy’t restich wijdbeens bûten op ‘e stretcher lizze. Kinst sa de Coentunnel yn koekeloere. Dat giet my dan krekt wer wat te fier. As ik grotten mei in tûfe brânend hea sjen wol, dan wie’k ôfrûne wike wol nei Limboarch gong.
Toch bin’k stikem jaloers op al dy skamteleaze neakenens. Dus ik bin no thús oan it oefenjen. Mei moai waar ha’k de kninen los yn it hok. Of kninen; knyntsjes moat ik sizze. Ik ha nammentlik mar in pear hiele lytskes. Net fan dy moaie grutte Vlaamse reuzen, mar fan dy mini dwergknyntsjes. Kinst se mei it bleate each hast net sjen. Alteast dat tocht ik.
Lêst hearde ik fan de buorlju dat se myn knyntsjes toch rûnhuppelje sjoen hiene. En dat wylst ik sa foarsichtich west wie. Hoe dan, frege ik ferbjustere. Yn de wjerspiegeling fan it raam. Dus de kommende moannen mar efkes net mear raam himmelje. Dan kin ik as in tiet traine sadat ik takom jier ek yn de bleate kont nei de kemping doar."