Vermilion begjint mei grut seismysk ûndersyk yn Fryslân

Gasbedriuw Vermilion sil yn septimber seismysk ûndersyk útfiere yn in grut part fan Fryslân. Dat sil barre yn de gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Opsterlân, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. Vermilion wol mei it ûndersyk neigean wêr't en hoefolle ierdgas der yn 'e grûn sit. Fierder wolle se mear ynformaasje garje oer ierdwaarmte. Yn augustus wurdt úteinset mei tariedende wurksumheden. De mjittings sels wurde holden yn de perioade fan septimber oant en mei desimber. Vermilion sil de útkomsten fan it seismysk ûndersyk nei dy tiid iepenbier meitsje.