Fleantúchwrak yn De Alde Feanen noch kompleet

It fleantúchwrak fan de Avro Lancaster dy't yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte yn de Alde Feanen by Warten is foar in grut part noch hielendal kompleet. Dat docht bliken út fierder ûndersyk fan de gemeente Ljouwert. De kontoeren fan it wrak komme oerien mei de oarspronlike ôfmjittings fan de bommewerper.
De gemeente wol it wrak bergje. Dat is dreech om't it fleantúch meters djip yn de feangrûn leit. De kommende wiken wurdt der in daamwand om it wrak pleatst om der goed bykomme te kinnen. De berging sels begjint op 11 septimber en moat begjin novimber klear wêze.
De ferwachting is dat it stoflik omskot fan de Kanadeeske boardskutter F.J. Cooper noch yn it wrak leit.