Alvestêdetocht-kanoërs noch altyd kompleet

Mei noch ien dei te gean is de groep mei 130 dielnimmers fan de kano-Alvestêdetocht noch altyd kompleet. Moandei gongen de kanoërs fan start yn de Prinsetún en farre yn in wike tiid de goed 200 kilometer lâns de alve stêden. Freed stiet de ien-nei-lêste etappe op it programma fan Frjentsjer nei Dokkum. Sneon finishe de kanoërs yn Ljouwert.
De dielnimmers treffe in wike mei hiel wikseljend waar. Benammen tiisdei hiene se it dreech, fertelt organisator en dielnimster Ria Hoek. Mei de hurde wyn en rein sieten de kanoërs krekt op de Fryske marren. "Dat was best eng", jout Ria ta. Gelokkich ha se no foar de wyn, de 44 kilometer nei Dokkum.
Ien kear yn de trije jier wurdt de kano-Alvestêdetocht organisearre. De jongste dielnimmer is dit kear noch gjin twintich jier. De âldste is 85 jier.