Pleatslik Belang Koatstertille fielt him net serieus naam

It gemeentehûs fan Achtkarspelen
Pleatslik Belang Koatstertille fielt har net serieus naam troch de gemeente Achtkarspelen. Pleatslik Belang is grut tsjinstanner fan de plannen foar in biofergister op De Westkern yn Koatstertille. Yn in moasje waard de ferantwurdlik wethâlder frege om mei neiere ynformaasje te kommen oer de mooglike komst fan de biofergister.
Pleatslik Belang is lykwols net te sprekken oer de wize wêrop dat dien is. "Wy fiele ús wér net serieus naam as doarp", skriuwe se yn in parseberjocht. "Wy binne útpraat mei de wethâlder, mar it lêste wurd is wat ús oanbelanget noch net sein oer de biofergister."