Rûte oer de Blauwe Balch wer iepen

28 jul 2017 - 06:22

Skippen op it Waad kinne de kommende wiken wer in rûte oer de Blauwe Balch nimme. Al in oantal jierren wurdt dizze rûte tusken It Amelân en Skylge yn de simmer útset troch Rykswettersteat. Neist dat de rûte koarter is, moat er ek foarkomme dat wettersporters seehûnen en fûgels te bot fersteure.

Troch de tydlike rûte wurdt de druk wat better oer it Waad ferspraat. De rûte is allinne te brûken yn de perioade fan heech wetter. Gewoanwei is de Blauwe Balch net tagonklik foar skippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)