Nij plak foar keunstwurk Mens & Dier fan Wolvegea socht

27 jul 2017 - 20:09

De gemeente Weststellingwerf siket in nij plak foar it keunstwurk Mens & Dier. Dat stie op it Van der Sandeplein yn Wolvegea, mar waard yn 2015 fuorthelle fanwege de werynrjochting fan it plein.

It byld waard der yn 1968 delset as kenmerk foar de njonkenlizzende drafbaan. Omdat dy yntusken nei de râne fan it doarp ferpleatst is, hoecht it byld neffens de gemeente net werom nei it plein.

Ynwenners wurdt frege om in suggestje te dwaan foar in nij plak. Dat moat wol in link hawwe mei de namme fan it byld:  Mens & Dier. Doel is dat it byld dêr takom jier, 50 jier nei it meitsjen, pleatst wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)