Betize man De Gordyk oanhâlden

In arrestaasjeteam fan de plysje hat tongersdeitejûn in 40-jierrige betize Gordykster yn syn hûs oahâlden. De man hie himsels opsletten yn in hûs oan 't Leantsje en drige himsels wat oan te dwaan. Hy sei ek dat der gefaarlike stoffen yn syn hûs wiene.
Ut foarsoarch waard in tsiental omlizzende hûzen ûntromme en in diel fan de dyk ôfsetten. Mei help fan in ûnderhanneler besocht de plysje twa oeren lang om de man út syn hûs te praten. Doe't dat net holp, waard it arrestaasjeteam ynset. De man wie net oansprekber en is nei it sikehûs brocht.
De plysje hat dêrnei yn it hûs socht nei gefaarlike stoffen. Doe't dy net fûn waarden, mochten de omwenners werom nei harren hûzen. Oer it motyf fan de man is neat bekend.