Minste stress op de fyts yn Fryslân op It Amelân

Fytspaad by Hollum op It Amelân © Google Streetview
Fytsers yn Fryslân ûnderfine de minste stress op It Amelân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Fytsersbûn. Dy hat fytsers frege wêr't se it meast ûntspannen op 'e fyts sitte. De Limboarchske gemeente Bergen kaam as bêste út de bus, folge troch Rijssen-Holten yn Oerisel. It Amelân folget as tredde, mar moat dat plak diele mei Losser. Yn Amsterdam en Den Haag ûnderfine fytsers de measte stress.
It ûndersyk is ûnderdiel fan in grutter ûndersyk fan it Fystersbûn nei de ultime fytsgemeente. De resultaten wurde ein dit jier presintearre.