Plysje syket tsjûge fan ûngefal Waskemar

© De Vries Media
De plysje is op syk nei in spesifike tsjûge dy't it ûngefal fan ôfrûne snein yn Waskemar sjoen hat. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke in auto oan de Compagnonswei te wetter. Yn de auto sieten seis persoanen. Fjouwer fan harren moasten nei it sikehûs en dêr bliuwe. Ut ferklearrings fan omwenners blykt dat in man mooglik tsjûge west hat fan it ûngefal. Hy hat by ien fan de buertbewenners oankloppe om te freegjen oft er in trekker brûke koe om de auto út it wetter te heljen.
De mooglike tsjûge soe sawat 50 jier âld wêze en 1.80 meter lang. Hy hat in blanke hûdskleur, donkerblond hier en ried op in griene frouljusfiets. Ek spruts er nei alle gedachten Frysk. Tips binne wolkom by de plysje (0900-8844).