Ferskate oanhâldingen yn Ljouwert nei rûzige stapnacht

© Jochem Schuiling
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferskate oanhâldingen dien. Sa waard in 21-jierrige man út Kootwijkerbroek oanhâlden as fertochte fan de mishanneling fan in 22-jierrige Ljouwerter. It slachtoffer waard mishannele yn in kroech en rûn dêrby in bloednoas op. De fertochte is meinaam nei it buro.
Ek in 25-jierrige man út Grou krige in proses-ferbaal om't er in mes by him hie yn in kroech yn de Alde Doelesteech. In portier seach it wapen en melde dat by de plysje. Oan de hân fan it sinjalemint koe de Grouster oanhâlden wurde.
In 21-jierrige Ljouwerter waard meinaam nei it buro nei't er in fyts yn de grêft smiten hie. De man koe mei de nedige muoite ynrekkene wurde.