Oantaasting frou yn Ljouwert, fertochte (24) oanhâlden
De plysje yn Ljouwert ûndersiket in gefal fan oantaasting fan in frou, tiisdeitejûn op it Hoeksterpaad. De frou soe oantaaste wêze troch in 24-jierrige man út Frjentsjer. Dy naaide út, mar koe mei help fan it sinjalemint oanhâlden wurde.
De man wie ûnder ynfloed fan alkohol.