Frijspraak yn saak brân De Kelders net goed foar feilichheid

Dat de Ljouwerter hûseigener Wyb Feddema frijsprutsen is foar de dea fan in studint dy't by him in appartemint hierde, by de brân oan De Kelders yn 2013, is gjin goede saak foar brânfeilichheid yn de binnenstêd. Dat seit brânfeilichheidsadviseur Rudi de Boer. In feroardieling hie foar oare eigeners fan gebouwen in nije oantrún west om nei te gean hoe't it stiet mei de brânfeilichheid, mar de kâns dat se dat no noch dwaan sille, is net sa grut, seit er.
De rjochter bepaalde tiisdei dat it Feddema net oanrekkene wurde kin dat syn gebou net oan de easken foldie. Hy hie dêr gjin ûndersyk nei dien, mar dat wie ek net ferplichte, blykt út de útspraak.