Nard Brandsma de bêste ljepper yn Drylts

Nard Brandsma (argyffoto) © Martin de Jong
Nard Brandsma wie tiisdeitejûn wer ris de bêste fierljepper. Yn Drylts ljepte de Warkumer nei 20.33. Sytse Bokma fan Hylpen waard twadde mei 19.46, Ysbrand Galama fan It Heidenskip tredde mei 18.41. De winst by de froulju gong nei Marrit van der Wal mei 15.46, foar Melanie Heins mei 13.36.
Jan Teade Nauta wie op syn thúsbarte de bêste by de junioaren mei 18.82, Freark Kramer waard twadde mei 17.99. By de jonges wie Wietse Nauta de bêste. Hy wûn mei in persoanlik rekôr fan 18.92. Bente Vlas pakte de winst by de famkes mei 14.08.
De wedstriid yn Drylts wie in ynhelljepperij. Ofrûne sneon waard de wedstriid ôfbrutsen troch it reinwetter.