Mêst fan sjarterskip brekt op de Iselmar

Op de Iselmar is tiisdeitemiddei de top fan de mêst fan in sjarterskip ôfbrutsen. De top fan de mêst bleau by de gaffel stykjen en foel net op it dek. Dêrtroch rekke der net ien ferwûne. Trochdat de mêsttop ôfbrutsen wie, koe it grutseil net nei ûnderen ta.

De KNRM fan de rêdingstasjons Enkhuzen, Andijk en Medemblik hawwe holpen om it skip mei in sleepferbining wer feilich yn Enkhuzen foar de wâl te krijen. It sjarterskip hie fjirtjingasten en twa bemanningsleden oan board. De gasten wiene tige skrokken fan it ûngelok, mar mankearden fierder neat. De brutsen mêsttop swaaide heech boppe it dek hinne en wer, mar foel net. De gasten wiene feilich op it achterdek en koene yn Enkhuzen ek wer feilich fan board stappe.

De sitewaasje docht bot tinken oan it ûngelok fan in jier lyn foar de haven fan Harns. Dêr kamen doe trije Dútsers om it libben doe't de top fan de mêst ôfbruts fan it sjarterskip dêr't se op fearen.