Skerpere kontrôle provinsje op ûneigentlik gebrûk subsydzje

It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Om misbrûk en ûneigentlik gebrûk fan subsydzjes foar te kommen hat de provinsje Fryslân de regels oanskerpe. Ek binne trije tafersjochhâlders oanwiisd. Sy hawwe it foech om kontrôles út te fieren by bedriuwen of ynstellingen. De provinsje wol ek dat ynstellingen it sels op tiid melde wannear't aktiviteiten dêr't de subsydzje foar jûn is net binnen de ôfsprutsen termyn plakfine. Ynstânsjes dy't dat net dogge kinne 3 persint op de subsydzje koarte wurde.

Mei de nije regels wol de provinsje misbrûk en ûneigentlik gebrûk fan provinsjale subsydzjes oanpakke. De provinsje sil ek sels ynspanningen dwaan om misbrûk en ûneigentlik gebrûk fan subsydzjes yn de gaten te hâlden. De provinsje sil de nije oanpak yn 2019 evaluearje om te sjen oft dy ek fertuten docht.