Yn it earste healjier 456 kear mei sukses ynbrutsen

Argyffoto © Omrop Fryslân
Yn de earste seis moanne fan 2017 ha ynbrekkers 456 kear sukses hân yn Fryslân. Dat docht bliken út in analyze fan de nasjonale plysjesifers. Der waard yn ús provinsje 591 kear besocht om yn te brekken. Dat betsjut dat 135 ynbraken net slaggen en dat 77,2% fan de kreaken wol slagge.
Der is ek sjoen nei gemeentlike ferskillen. Dan docht bliken dat de measte ynbraken per ynwenner dien waarden yn de gemeente Ljouwert. Hjir waard 217 kear besocht om guod fan in oar mei te nimmen. Dat slagge 158 kear. Oare gemeenten mei hege ynbraaksifers per ynwenner binne Ljouwerteradiel, Menameradiel, Smellingerlân en Opsterlân.
It heechste persintaazje fan slagge ynbraken wie weilein foar de gemeenten Dongeradiel (90,1%), De Fryske Marren (90%), Opsterlân (85,7%), Hearrenfean (85,7%) en Weststellingwerf (85%). Sjoch de Fryske ynbraaksifers op in rychje.