Ynbrekkers slaan slach yn Mûnein
Yn in hûs oan de Jelte Binnewei yn Mûnein is it ôfrûne wykein ynbrutsen. De bewenners wiene fuort. It hiele hûs is trochsocht. De ynbrekkers binne útnaaid mei jild en sieraden. De plysje freget tsjûgen om har te melden.