Trijetal trappearre op besit fan goed 400 pillen

© ANP XTRA
De plysje hat sneintemiddei trije minsken oanhâlden foar it yn besit hawwen fan speed en mear as 400 pillen. It giet om in 24-jierrige frou út de gemeente Opsterlân, in 20-jierrige man út Burgum en in 18-jierrige man fan De Rottefalle. It trijetal foel op by in ferkearskontrôle op de Master Halbe Binnertsstrjitte op It Hearrenfean.
De man út Burgum hie gjin riem om en ien fan de remljochten fan de auto wie stikken. By kontrôle fan de auto fûn de plysje pûden mei pillen, speed en in skeal. Al mei al giet it om goed 400 pillen. Boppedat fûn de plysje ferskate fleskes parfum yn de auto. Alle pillen, parfum en ek de auto binne yn beslach naam. De pillen sille test wurde om te sjen om hokker soart it krekt giet. De trije fertochten sitte noch fêst en wurde heard.