PvdA Hearrenfean wol Tiny Houses

In foarbyld fan hoe't tiny houses derút sjen kinne © Gerard Dijkstra
De PvdA-fraksje yn de gemeente Hearrenfean wol dat de gemeente mei de wenningstifting yn petear giet oer de bou fan Tiny Houses, ûnder oare yn Nijhoarne. Neffens de partij sykje hieltyd mear jonge minsken nije wenfoarmen en binne se minder rjochte op besit, wêrtroch't se minder romte nedich hawwe.
De PvdA wol dat de gemeente en de wenningstifting ûndersykje oft de Tiny Houses enerzjyneutraal makke wurde kinne en foar in part ek selsfoarsjennend, mei bygelyks in grientetún. De partij sjocht it leafst dat de wenningen tichtby foarsjenningen as restaurants en kroegen komme.