UPDATE: Auto te wetter by Waskemar, twa minsken slim ferwûne

By Waskemar is sneintejûn in auto yn it wetter rekke oan de Compagnonswei. Yn de auto sieten seis persoanen: in 9-jierrige jonge en syn 40-jierrige mem út Ljouwert, in 15-jierrige jonge en in 32-jierrige frou fan Drachten, in 19-jierrich famke út Haulerwyk en har freon fan 19 jier út Grins, dy't efter it stjoer siet. Sy binne allegearre út it wetter helle en nei it sikehûs brocht; it jonkje fan 9 en it famke fan 19 jier binne der slim oan ta. Harren tastân is 'soarchlik', seit plysjewurdfierder Nathalie Schubart.
Meardere helptsjinsten wienen útriden nei de lokaasje fan it ûngelok. Ek de traumahelikopter waard oproppen. De plysje hat sneintejûn noch in skoft ûndersyk dien. De Verkeersongevallen Analyse docht op dit stuit ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.