Auto yn sleat Lytsewierrum, bestjoerder nei sikehûs

De auto yn de sleat lâns de Nylânsdyk © Jaring Rispens
De helptsjinsten waarden sneintemoarn betiid alarmearre foar in auto yn de sleat tusken Skearnegoutum en Lytsewierrum. De auto wie fan de Nijlânsdyk rekke en kaam mei in hurde klap ta stilstân yn in sleat. De bestjoerder koe der sels wol út komme. De man waard justjes letter troch de helptsjinsten ien kilometer fierderop kuierjend oantroffen. De man hie blykber gjin telefoan om sels alaarm te slaan.

De bestjoerder waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Brânwacht, dûkers en traumateam wiene allegearre al alarmearre nei de melding fan de auto yn de sleat. Sy koene wer werom nei de basis en hawwe fierder net yn aksje west.