Blog: Untwerpe foar IKEA

29 maaie 2012 - 21:40

Fan 'e moarn om 8 oere sieten we yn 'e auto op wei nei Göteborg, likernôch twa oeren riden fan Bastad. We ha yn ien fan de twa Ikea-winkels dêr ôfpraat mei Monika Mulder. Monika is 39 jier en komt fan Wâldsein. Se har fjouwer jonge bern en wennet mei har man yn Göteborg.

Monika hat de Design Academie yn Eindhoven dien en koe sadwaande in staazjeplak krije by Ikea. Nei in súksesfolle staazje koe se bliuwe. Yntusken wurket se der net mear fêst. Se hat har eigen ûntwerpstudio, mar wurket noch foar it grutste part foar Ikea.

It wie hartstikke leuk om mei har troch de Ikea te rinnen. Se hat ús har ûntwerpen sjen litten. Se makket in soad foar bern. Hiel bekend binne de keunstof bekers, skaaltsjes en bestek yn felle kleurkes. Of de aaifoarmige stoel dêr't in bern hielendal yn krûpe kin. Mar ek de stapelbere blommejitter is fan har hân. Se lit ús in nij ûntwerp sjen dat krekt yn 'e winkel stiet fan in bernestoel en in skemerlampke. Se is dan sels ek benijd hoe't it yn de winkel presintearre wurdt. Monika hat ús in soad fertelt oer hoe't se wurket en hoe't it is om foar in grut bedriuw as Ikea te wurkjen. Moarn hat se wer oerlis op it haadkantoar, oer in nij ûntwerp foar in bernemeubel, details mei se ús spitigernôch net sjen litte...

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)