Buertcamping yn Haulerwyk is folslein beset

Yn Haulerwyk is freed de Buertcamping offisjeel iepene. Op de kemping stean allinnich mar ynwenners út it doarp sels. Doel is dat minsken better mei-inoar yn 'e kunde komme. It idee komt fan Miranda Kleisen. Sy rekke ynspirearre troch sa'n selde soart initsjatyf op oare plakken yn it lân. Sa bin der kempings yn Den Haach en Amsterdam.
Om it foar inoar te krijen hat Kleisen in oanfraach yntsjinne by it Bercoop Fonds. Om't de gemeente Eaststellingwerf dit jier 500 jier bestiet, ha tal fan eveneminten 500 euro krigen. Frijwilligers út it doarp hawwe de ôfrûne dagen hurd oan it wurk west en ha de kemping klearmakke. Alle plakken binne dit wykein beset. Miranda Kleisen is fan plan om de Buertcamping elts jier te organisearjen.