Tûzen taskôgers swaaie muzikanten Advendo út

Goed tûzen taskôgers ha de muzikanten fan show- en marsband Advendo fan Snits freed útswaaid. De muzikanten dogge mei oan it WMC 2017, dat is it Wrâld Muzyk Konkoers. Freedtejûn wie de generale repetysje. Doe moast dúdlik wurde oft alle repetysjes fan de ôfrûne twa jier fertuten dien hawwe.
De spanning by de muzikanten is heech. Advendo wûn fjouwer jier lyn by sawol de jeugd as de folwoeksenen de titels op de marsparade yn de World en First Division. It doel is om de titels ek dit jier wer mei werom te nimmen nei Snits.
Njonken Advendo dogge snein ek it Pasveerkorps fan Ljouwert en showband Takostu fan Stiens mei yn Kerkrade.