Jordy Bruijn ferlinget kontrakt by SC Hearrenfean
Fuotballer Jordy Bruijn bliuwt langer by SC Hearrenfean. De 20-jierrige middenfjilder hat in nij kontrakt tekene en bliuwt oant de simmer fan 2019 by de Feansters. Bruijn kaam yn 2016 fan Ajax oer nei It Hearrenfean. Hy waard it ôfrûne seizoen kampioen mei Jong Hearrenfean yn de reservekompetysje.