Tennisser Sander Arends nei finale ATP toernoai Bastad
Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat freedtemiddei de finale berikt fan it ATP toernoai yn Bastad, Sweden. Mei syn partner Matwé Middelkoop wûn er fan it duo Bellucci/Sa út Brazilië. It waard 2-6, 6-2 en 10-8 foar de Nederlanners.
De tsjinstanners yn de finale binne noch net bekend.