Boarterstún yn Snits wer kwik-frij

De boarterstún yn Snits dêr't tongersdei kwik fûn waard, is wer skjin. In spesjalisearre bedriuw hat it gefaarlike guod oprûme. De boarterstún oan de Kleasterstrjitte en de Skoalstrjitte is dêrnei wer frijjûn.
It kwik wie meinaam nei it boartersplak troch boartsjende bern. Dy hiene in fleske mei it guod meinaam fan skoalle nei hûs en it guod doe op it boartersfjildsje griemd.